In famkesboek oer ADHD

Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen – Hanneke de Jong – Friese Pers Boekerij – 165 siden

Trettjin dagen om‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’ hyt it nijste boek fan Hanneke de Jong. Hawwe we hjir in ynformatyf boek dat dy helpe moat by it organisearjen fan in grut feest? Nee, it is in roman foar alle jonge lêzers fan 12 jier en âlder. Moai op tiid, krekt foar de Nederlânse Kinderboekenweek. En ja, it is in ferhaal. Oer in famke op it VMBO dat yn in ympuls oanbiedt foar har mem fan 40 jier in surpriseparty te organisearjen. Har heit nimt it mei tankberens oan. En se hat yndie mar trettjin dagen de tiid.
Dat is fansels in ûnmooglike opjefte, net allinne om dat koarte tiidsbestek, mar ek omdat Marike it allinne dwaan sil. Lokkich krijt se help fan in aardige learaar op skoalle en har freondin Nadia, dy’t in leave en praktyske mem hat.

De roman folget Marike dy’t we kennen leare yn de relaasjes mei de minsken om har hinne: har heit en mem fansels, har broerke, mar ek har ferkearing Remco en har freondin Nadia mar foaral troch har gedachten. De organisaasje fan it feest is de reade tried en de haadstikken binne strak strukturearre en dat hellet de spanning der wat út, mar lokkich giet it boek ek oare saken. Lykas ADHD. Peter, it broerke, hat dit wierskynlik. De âlden fan Marike hawwe mei him nei in psychiater en miskien hat Marike it ek wol…. Apart is, dat dit oan ‘e itenstafel besprutsen wurdt, krekt as it freontsje fan Marike foar it earst komt te iten. De gefolgen fan dit fatale petear bliuwe dan ek net út: Remco makket de ferkearing út, want hy wol in ‘normaal famke’.

It ADHD tema is goed útwurke. Lykas bygelyks de twifels fan Marike oer harsels, mar ek de opteinens fan ‘ik kin it en it wurdt in geweldich feest’ én it feit dat se har hielendal rjochtet op ien aspekt: it bakken fan de taart en de cupcakes. Dat ‘alles of neat’ heart wierskynlik by ADHD. Se ferliest ek kompleet it oersicht op de dei sels. Saken dêr’t se noait oer tocht hat (borrelhapkes, it ynrjochtsjen fan de keamer) binne lokkich troch aardige folwoeksenen as de learaar en de mem fan it freondintsje oppakt. It is dúdlik dat Marike it feest sels net organisearje kinnen hie.

Troch dy hechte struktuer lêst it boek maklik. Marike is as tienerfamke net hielendal oannimlik. Se docht net oars as thús itensiede, opromje en se praat folle better mei it lestige broerke as har heit en mem dogge. Op skoalle is se opsternaat, mar dan wol yn it gefal fan ûnrjochtfeardigens. It is allegearre mei inoar wat te braaf en foarspelber mar ek wat te swart-wyt as in learaar har fan plagiaat fertinkt by it meitsjen fan in wurkstik. As dan ek noch de broer fan de freondin ferlyfd op har blykt te wêzen, is it hielendal klear: in echt famkesboek!

Jetske Bilker

Andere recensies

Coco en het gekke ding – Loes Riphagen – Gottmer – 36 blz. Coco, het kleine vogeltje dat iedereen natuurlijk al kent van de vorige delen is in dit boek weer lekker aan het spelen met haar vriendjes. Eekhoorn, kikker, egel en Coco zien...
Lees verder Categorie: Prentenboek
| Reageer!
Een koord boven de afgrond – Cyrille Offermans – De Arbeiderspers – 616 blz. Een iets beschuttere plek misschien (2017), Midden in het onbewoonbare (2020), en dan nu Een koord boven de afgrond (2023): de titels van de gebundelde dagboeknotities van Cyrille Offermans worden...
Lees verder Categorie: Essays, Literatuur
| Reageer!
Breydel – Lisa Demets – Uitgeverij Vrijdag – 265 blz. Op 11 juli 1302 versloegen de volksmilities van enkele Vlaamse steden het prestigieuze Franse ridderleger nabij de stad Kortrijk. De onverwachte nederlaag sloeg in als een bom. Na de slag verzamelde de Vlaamse coalitie...
Lees verder Categorie: Geschiedenis, Non-fictie
| Reageer!